KV de Oorsprong

Op de sneon fan de Merke is yn Sint Nyk wer de Merkepartij ferkeatst. Mei 34 dielnimmers út de hiele omkriten fan Sint Nyk en mei in tal âld Sint Nyksters koe der in list makke wurde mei seis pertoeren yn de Aklasse en likefolle yn de Bklasse. Neidat men yn eltse klasse yn poules twa kear keatst hiene kwam it tot finales tusken de winners fan de poules en in striid om de tredde plak. De útslaggen úteinliks:

 

A klasse

1e priis Tamara Ziengs, Maurice Brenkman en Johan Binnema, allegearre Akkrum, Johan Binnema waard Kening,

2e priis René Leenstra (Hearrefean), Dennis Warringa (Hearrefean) en Tiede Boorsma fan Sint Nyk,

3e priis Sybrand van der Weij (Wommels), Geard de Wolff (Joure) en Kees Bosma (Sint Nyk).

B klasse

1e priis Wieger Boonstra (Hearrefean), Tjalling Legendal ( Hearrefean) en Thaeke Kuipers (de Rottefalle), wêrby Thaeke (fan Johannes en Lieske)  ta Kening kezen waard...

2e priis Jacob Meijer en Lammert Klass Knobbe, beiden fan Tsjalbert,

3e priis Hielke Postma fan Mildam en Jordi de Jong fan Tsjalbert.

Mei de bijdrage fan de VVV koene troch foarsitter Jan de Wolff fan keatsferieniging "de Oorsprong"  oan de winnaars wêr moaie prizen en krânsen útrikt wurde.

Mei de Merkepartij sit it fjildkeatsen der foar de leden fan de Oorsprong wêr op. Ynkoarten ferskynt it winterprogramma, de r wurdt ûnder mear sa'n acht kear op de sneontemoarn keatst yn de Doniahal yn Sint Nyk. De leden krije dêrfan noch berjocht.

Jan Buitenga