KV de Oorsprong

FERSTJÈRREN THEO LEENSTRA

It oare, grutte mar ek drôvige nijs van dit wykein is, dat ús lid en âld bestjoerslid THEO LEENSTRA op de freed foar de Merkepartij ferstoarn is.

Theo hat sunt de begjinjierren van ús keatsferieniging lid fan de club west, wie, seker yn de begjinjierren een "betúfd" keatser en wist hjir ek altyd smoud oer te fertellen.

Op ús jubileumpartij yn 2014 brocht hij nochris in oantal âlde keatsferhalen en hun memorabilia nei foaren.

Theo wie siik, al wie dat net eltse dei oan him te sjèn. It foarútsjoch op it ferloop fan syn sykte en syn foarlân hat him tefolle west en ek oer dat part fan syn libben hat hy sels de regie hâlde wold.

We winskje Henny en de bern in protte sterkte.